Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Doop yn Lausanne

Keunst
PDF Print E-mail
fan Matthijs Maris*

Image

It hat krekt west, it sakremint,
it wetter út ‘e grutte hân
dat dripte op ‘e lytse holle;
’t hie derfan as wie se ’t wend,
ien koarte kik, gjin moard of brân,
mar ’t waard de mem in hoart tefolle.

Dêr stiet se as fersonken yn
de bylden fan de libbensstream,
dêr’t alle bern trochhinne moatte
om te driuwen op ‘e wyn;
foar ’t famke is ’t har memmedream,
sjoch hoe’t se mei de fingers boartet.

En wylst sy steane yn ’t portaal,
giet beppe by de treppen del,
want har bestean leit yn Lausanne;
heech riist op de katedraal,
fan klokken wurdt se wolris kjel,
’t genot kaam út ‘e kik fan Sanne.

* Matthijs Maris (1839-1917)
wie de middelste fan trije skilderjende broers.
Hy hat jierrenlang wenne yn Parys en Londen.
Yn de lêste stêd hied er in iensum libben.
Hy mong yn dy tiid dream en werklikheid
noch mear as yn ‘Doopgong te Lausanne’.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum