Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De skoalle fan Athene

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rafaël*

Image

Rome wie Athene net,
de paus gjin filosoof,
net blyn en ek net doof,
hat wol de foarstap set.

Julius hie each foar keunst,
de foarm wie heech yn tel
by him en Rafaël,
dy krige dus de geunst.

Skerp wie ’t ear foar ’t wize wurd
dat út Athene spruts,
fan leech nei heech ta luts,
it kristenfolk wol nut.

Plato, Aristoteles,
se steane dêr sintraal
en jouwe yntegraal
de kosmos yn ien les.

Plato hat it oer de grot,
de tastân fan de mins,
mar oer syn lêste grins
sjocht Julius dan God.

Lykwols Aristoteles
biedt oan syn ‘Ethica’,
sa wol de paus ’t ek ha,
in boek oan syn adres.

Hat de keunstner Rafaël
de twadde stap net set,
de ienheid boppe wet
fan elk syn eigen sel?

* Rafaël (1483-1520) skildere
it fresko ‘De skoalle fan Athene’
op ‘e muorre fan ien fan de keamers
fan paus Julius II.
It is in soarte fan reuny wurden
fan Grykske filosofen.


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum