Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De bylddea fan Van Heutz

Keunst

fan Frits van Hall*

Hy wist fan syn kreaasje
de achtergrûn: it lânskip fan smaragd,
de ealstien fan ús Nederlân,
dan noch Van Heutz, de man mei macht
yn Ynje, strider foar de naasje.

Van Heutz wist hoe te striden
foar ’t folk fan Nederlân, dus helje wei
wat groeit op fjilden fan smaragd
en jou de kûgel oan it skaai
dat oars net hat as bloed te bieden.

De keunstner hat ek striden,
tsjin ûnderdrukkers fan it eigen folk
en smachte nei in frij bestean,
hy waard fan trouwe freonskip tolk,
mar moast sa fan it libben skiede.

Uteinlik hat er witten
dat syn kreaasje wie net neffens ’t rjocht
om foar de frijheid yn te stean;
net mear syn byld yn ’t folle ljocht,
dus moast Van Heutz dat libben litte.

* Frits van Hall (1899-1945)
Van Heutzmonumint

 

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum