Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brânend doarp

Keunst
PDF Print E-mail
fan Marc Chagall*

Image

Marc Chagall, do hast as Joad
de learzens fan soldaten heard
en sjoen hoe’t yn it lôgjend fjoer
it ieuwenâlde erfskip stjert,
mar fieldest djip, de geast bliuwt oer.

By it ear hat sy de hân
omdat de lears noch altyd dreunt,
de memme-earm bûcht om it bern
wylst heit syn skouder harren steunt,
sy fielden djip, it is ferlern.

Fan har hûs bliuwt oars net oer
as jiske dy’t ek noch ferwaait,
mar hy hat beide earen frij
en heart nei wat de wyn him seit:
de geast bliuwt oer, wurdt sels wer nij.

* Marc Chagall (1887-1985), berne yn Witebsk,
in stedsje dat hjoed de dei yn Wyt-Ruslân leit,
wist as Joad wat pogroms binne.
Yn syn lange libben (hy wenne û.o. yn Parys,
de Feriene Steaten en Ruslân) hat er in protte
keunstwurken makke.

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum