Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Fjoerdelling

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Kom nei de delling fan it fjoer
om deis de hjitte te fernimmen
dy’t op ’e reade rotsen brânt,
lûk nachts de sliepsek oer de krún
om waarm te bliuwen yn de kjeld,
mar net as men de stjerren telt.

Sjoch hoe’t de makker fan de koer
syn teken yn de sânstien kerve
hat, al twa milennia
ferlyn, syn ynspiraasje wie
de himel dy’t him joech it ljocht
fan sinne, moanne, stjerrenocht…

… sa’t ek de minske hjoed de dei
nocht oan it fallen fan de stjerren
hat; in stien, dy’t efkes brânt
en dêrnei yn de kleare nacht
ferstjert, bliuwt libben troch syn pracht.

* Foto ‘Valley of Fire State Park yn Nevada’


admin

Trochsette foar de bern

Wrâldbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Lit ús de chinooksalm ris folgje
yn de paaitiid nei it berteplak,
begjinnend yn de Stille Oseaan,
by de stêd Vancouver lâns,
de Fraser River jout de kâns.

It giet fan leech nei hieltyd heger
tsjin de stream yn nei it berteplak
om ’t libben oan wat folget troch te jaan,
by de wetterfallen op,
fan binnen klinkt de bernerop.

’t Is mear as tûzen kilometer
swimmen nei it efterhoedeplak
om dêr foar it ferfolch de plicht te dwaan;
wat de chinooksalm ús sjen
lit, is trochsette foar de bern.

* Foto ‘Chinooksalm’
** Foto ‘Fraser River yn Rearguard Falls
Provincial Park yn Kanana’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum