Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Massyf

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Wat massyf is,
kin men net trochhinne,
lykas machten
dy’t it foar it sizzen ha,
lykwols net winne kinne.

Want wat wis is,
is it minsklik fielen
dat de krêft jout
om in eigen paad te gean,
mei oaren ’t sicht te dielen.

Sjoch wat útsicht
jout op wat natuerlik
is, bliuw efkes
stean om nei ’t massyf te sjen,
natuerlik, ek figuerlik.

* Foto ‘Ceahlau-massyf yn Roemenië’


admin

De raaf en de stream

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Wat rotsfêst like, joech belies
neidat it streamend wetter
troch de tiden hinne sliet
wat riisde boppe hurde grûn,
sadat de streaming wûn.

Gjin minske skôge dit ferrin
yn ’t godferlitten lânskip,
want syn libben wie te koart,
de skepping soarge foar de raaf,
dy’t swart wie, mar dochs braaf.

De fûgel boude dêr syn nêst,
de generaasjes folgen
opinoar en skôgen dêr
de lange skepping fan de slink,
braaf trochjûn mei in wink.

Sa waard de raaf de fûgel fan
’t proses fan streamend wetter,
wat gjin skepsel better die.

* Foto ‘Nêst fan de raaf
yn ’t nasjonale park, Maine’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum