Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Grouster hichten

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2013

Image

It is in groeisum jier
mei reiden withoeheech,
’t publyk hat dat wol witten:
de polderdyk is wat te leech,
it sicht dus minder fier,
de skippers ha der net mei sitten.

Tribunes fol mei folk
tsjin ’t reid fan Ie en Pik,
in plak om neat te missen;
’t moat folle heger: ‘Hjir bin ik,
de holle yn in wolk,
gjin skipper kin ’t hjir boppe risse.’

Image

It is in bêst begjin
yn Grou, heech oan de wyn,
‘Doarp Grou’ lit it net sitte:
it alderheechst, de gong deryn,
it skot, omheech it kin,
de hichten binne net te mjitten.

Image

admin

Roekoepôlefile

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2012

Wa koe net de Roekoepôle,
dat pôltsje yn de Snitser mar
lei ticht by ’t drokke grutskipsfar,
mar is troch weagen ûnderrôle.

Image

Hjerstmis komt de pôle boppe
by skippers fan de skûtsjefloat,
dan stappe hûnderten oan board
en stekke hegerop de koppen.

Elk is grutsk op ’t eigen teken
fan wetterpoarte oant Sn,
’t komôf is har wol oan te sjen,
it binne skippers en gjin leken.

Image

Sil it goed, dan earst yn ’t mâle:
de startboat draait op elke wyn,
gjin skûtsje krijt de gong deryn,
de boei ferfangt de Roekoepôle.

Einlings, achtentweintich sile,
in teken fan it giet mar bêst,
al is it djip ek yn de hjerst,
op nei de pôle yn in file!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum