maart 23, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2014
Lit ús ’t net ha oer Snits,
de Pan dy’t hjoed de wedstriid wûn,
of oer Doarp Grou, te ier fan start,
en op ‘e finish nei al kampioen,
mar oer wat elk betize hat,
dat wie de flits…
De flits heech yn de loft,
de pylk dy’t wiisde nei de kop:
de stjoerboardslach, dy’t geunstich wie,
dus Huzum, knyp sa nei de tonne op,
oars as de konkurrinsje die,
gean út ‘e kloft…
Wer flitste wat foarby
mei ljochte wjukken op en del,
in wizer fan de krekte slach,
dy’t oersloech nei de fleugel, yn in tel
gie ’t skûtsje slingerjend oerstaach
mei read yn lij…
De flits wie oer, de rest
stie op ‘e gaffel, teken fan
it fjoer dat net mear rikje woe,
it wie as rekke Huzum yn de ban,
earst koarjend fan in goarre, doe
fan in protest.
maart 21, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2014
Wa fielt net foar in kombinaasje:
skûtsjesilen en it strân?
Wâldsein kin beide rollen spylje
op it wetter en it lân,
dus lit mar komme dy famylje!
Wa fielt net yn syn skip de faasje
om te winnen nei de start?
De neven soene hottefylje
wa fan beide ’t hurdste fart,
dus lit mar komme dy famylje!
Douwe Snits ferlear fan Douwe Grou,
kaam mei de prolongaasje yn it nau.
Wa fielt him net ris út rûlaasje
as in firus fan him wint,
dan kin ien neef syn rol net spylje,
winner wurdt dy oare fint…
men sil ’t mar ha fan de famylje!