Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Switch

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1962

In wite S stie yn it seil,
dêrachter noch in bleke N,
dy beide tsjutten op stêd Snits,
mar dat wie ûnder ’t simmerpeil
fan elke nije Meeter-fan,
want Siete woe in skûtsjeswitch:
Oranje boppe yn de striid.

Image

Hy kocht in skûtsje fan de Piip
en tocht: ik goai myn angel út
yn ’t ljochtoranje fiverwiet
en helje Piter út ‘e sliep,
want as by keninklik beslút
myn skûtsje kriget fan Margriet
dy namme, dan bin ik blaubliid.

Image

Mar ’t blauwe bloed wie net fan doel
te streamen nei de Wide Ie,
de Pikmar of it Grytmansrek,
dat Siete switchte doe de boel:
om’t hy syn nocht fan Piter hie,
wie skûtsje ‘Sylnocht’ lang net gek,
sa kaam SN doe yn de striid.

admin

Wynkrêft 0 oant 8

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1962

De seilen hingje noch as sloppe sekken
tusken gaffel en de gyk,
ferlamme fleugels snakke nei in twirre,
mar de wyn wol net omlyk;
sa sleept de hiele float as bûnte njirre
troch de Tynje nei de Ie
om op it blastich blazen los te brekken,
hjoed de stilte, moarn wer rie.

Image

Mar moarn kaam mei de stjitten
fan in wynkrêft acht,
de skippen brûsden, skommen,
proaien fan de jacht;
foar twa wie gjin ûntkommen:
Lemmer en de Pan
ha ’t stridend falle litten
en dat wie it dan.

Image

De seilen kamen klappend boppe wetter,
kroepen wer de hichte yn,
fan Grytmansrek nei Snitser Gossepeallen
fleach it breedút foar de wyn.
Sjoch ’t Hearrenfean de lange show ris stellen
mei it seil koart op ‘e gyk
bestjoert de blanke feanbaas diskear better
as Doarp Grou it skûtsjeryk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum