januari 3, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2010
Starum, stêd oan see en spoar,
dêr’t treinen steane foar it blok,
behalve middenyn de nacht,
dan hat de masinist it drok
en jaget troch de winkeldoar.
Mar âlde stêd fan slûs en haven,
’t kin ek oars, do litst de skûtsjes troch
de doarren fan dyn smelle slûs;
de see stiet hol fan wyn en sjoch
hoe’t spannings yn de sylklean grave.
Se batse troch de startstreek hinne,
’t moat wol oars, want twa kear is ’t te ier,
it liket as sil ’t middentroch
de oar, dochs sjit gjin skip te fier,
al keare wolken hjoed de sinne.
Dan brekt it troch en kleuren wippe
op ‘e weagen, skuor de skoaten oan
foar ’t swurdskerp nimmen fan de boei;
noch balt de liuw op hege toan,
De Jouwer kin it neat ferhippe.
Starum, stêd fan SWH,
it skûtsje dat eins winne moast,
mar ’t gie net mei it blok troch ’t dak;
It Hearrenfean wie hjoed dyn gast
en jage nei de sege ta.
december 31, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2010
It is Langwar, it doarp mei grutte plannen,
fjouwer skûtsjes yn en út ‘e striid,
safolle swannen troch de tiid
en tonnen jild om hannen.
It is Langwar mei Wiellen en mei reiden,
fiergesichten foar it skerpe each,
dêr’t Eurofyl wol jild yn seach:
sylfilla’s yn de greide.
Wêr is Langwar, it skûtsje mei al ’t nije,
want de âlde skippen hawwe west,
it sylt as lêste mei protest,
mar ’t kin hjoed noch wol lije.
Sjoch hoe’t it reid en sompeblommen wiuwe,
no noch skerp foar each en fotolins,
wylst skippers stride op ‘e grins
om foar de oar te bliuwen.
Dan komt yn byld hoe’t skûtsjes linich draaie,
yn de foarein wikselje fan plak,
De Jouwer sylt syn bêste rak
en sil fiktoarje kraaie.
It is Langwar, noch mei protest, as stive
lêste, mar net út op noch mear skeel,
it bliuwt mei reiden fisueel…
hy giet foar ’t auditive.