augustus 4, 2022
’t Is in boat, it kin net misse,
mar de okse, is dy ek oan board
om oan te moedigjen de liuw,
dy’t striidber oer de weagen draaft,
mar hjoed net út is op in moard.
Botuline mei toxine,
wittenskiplik praatsje by Langwar,
de spieren reitsje dêrmei slop,
sadat de spanning minder wurdt
op Bootox, oars is ’t rap te bar.
Mar op Grou en op De Jouwer
wurde spieren gjin momint te slop,
dêr rint de spanning al gau op,
de liuw spant him wat minder yn,
de okse hâldt it mei de top.
* Foto ‘Bootox’
** Foto ‘Grou en De Jouwer board oan board’
juli 30, 2022
Se wiene op ’e nij besmet
nei twa jier karantêne
me ’t firus fan de skûtsjewrâld;
se hiene fan de striid ferlet,
’t wie dien mei de koronasêne.
Wat minder ôfstân by de start,
wat mear kâns dat besmetting
tanimt, wat ferheget noch de striid
mei ’t risiko fan wa’t hjir fart,
dy rekket grif in ankerketting.
Doarp Grou hie noch it measte lêst
fan ’t firus fan wer farre
oan en foar de wyn op ’t eigen plak,
mar dizze kwaal foldie him bêst,
hy koe op ûnderfining tarre.
* Foto ‘Start’
** Foto ‘Doarp Grou op kop’