september 10, 2018
De striders lizze wer teplak,
hjoed wiene dat de amateurs
dy’t troch de weagen skommen,
net foar fol, ’t is net har fak,
soms waard de skoat wat romme.
It liket op in twadde striid:
de mêst yn om lykas in aap
wat keunstkes sjen te litten,
sa’t soks út ferfeling giet…
’t soe wat komplekser sitte.
It Jouster skûtsje kaam werom
mei averij, ferlear de top,
wat mei de wyn te krijen
hie, net mei ‘wat wie dat stom’,
in twirre brocht it lijen.
Dus lit ús efkes boppe sjen,
nee, net as in professional,
wol ‘hoe is dit eins kommen’,
dus nijgjirrich as in bern…
it kin ús wol wat bomme.
augustus 17, 2018
It wie noch yn de iere moarn
doe’t út De Lemmer foer De Jouwer,
op ’e sleep troch ’t memmeskip
om middeis foar de ear te silen;
fan de fûken kaam de fisker oan,
de bun healfol, syn deistich brea,
hy koe der krekt foar lâns.
De middeis rûn de spanning op
mei hurder gong, de romte nauwer
tusken skûtsjes yn de striid,
’t wie as de duvel ek mei spile:
rom de skoaten, taktysk nei de top,
de Feansters leine lang foar dea,
Grou pakte sa syn kâns.
Twa kampioenen kamen út
de striid, de iene wie wat gauwer,
kriich formeel it folste rjocht,
de oare koe wat flugger sile,
wie moreel de winner, in salút
fan ear, sa spannend wie it nea,
foar Grou en ’t Fean de krâns.