september 27, 2020
fan ûnbekend*
Ire, grime om ’t ferline,
ûnderdrukking troch de steat
dy’t oer weagen hearskje woe
yn alle dielen fan de wrâld,
it Britske ljocht soe oeral skine.
Ierlân ien? It moast yn dielen:
’t suden waard in republyk,
it noarden bleau by Ingelân,
’t wie katolyk tsjin protestant,
it Ierske eilân mei twa sielen.
Grime lôge troch de jierren
yn it noarden, katolyk
woe hearre by de republyk,
in lûde flok foar protestant,
it Britske ljocht kaam swak fan fierren.
* Kaart ‘Ierlân’
september 20, 2020
fan Vladimir Tatlin*
Nei trije jier wie ’t lijen oer
fan boargers dy’t yn oarloch wiene:
’t nije Ruslân kleure read
mei as symboal de Tatlintoer.
Al draaiend gie ’t de hichte yn
sa’t kommunisten it graach seagen,
Ruslân waard in sovjet-steat
mei altyd folop sinneskyn.
Hy draaide lykop mei de tiid
op ynternasjonale weagen,
waard troch freon noch fijân keard,
sa op ’e top wie ’t útsicht wiid.
Foar wa’t net draaie woe, begûn
it lijen op ’e nij, sy diene
’t yn de nije steat ferkeard
en kamen fallend op ’e grûn.
* Vladimir Tatlin (1885-1953)
Model ‘Tatlintoer’