oktober 11, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Pinocchio lit dúdlik sjen
wat eigen leugens dogge mei syn noas:
men kin it oan de langte witte
dat syn gewisse is ek oars
as oars, hy moat der wol mei sitte.
John Larson, earstejiersstudint,
wist wat in leugen mei it lichem docht:
in hege bloeddruk, hertslach, switte;
dy wittenskip joech him it rjocht
om mei in apparaat te mjitten.
It apparaat, de polygraaf,
skriuwt op wat ’t lichem sa al lit en docht
as resjersjeurs har fragen stelle;
sa komt de leugen oan it ljocht
en wurdt de wierheid rap ynhelle.
* Yllustraasje ‘Pinocchio’
** Foto ‘Leugendetektor’
oktober 4, 2020
fan Erich Mendelsohn*
‘Organysk,’ wie it kommentaar
fan Einstein by de iepening,
‘ik sjoch de foarmen floeien.’
De wittenskipper wie optein,
it keunstwurk rekke mannich snaar.
De tiid is oan de romte bûn,
sa wol de relativiteit,
de teory fan Einstein;
der is relaasje ûnderling,
lykas de dei lûkt nei de jûn.
Gjin teory is samar wier,
de toer moast soargje foar ’t bewiis
troch stúdzje fan de sinne;
it gie úteinlik om it feit,
gjin tiid en romte foar ’t fertier.
Wol binne keunst en wittenskip
ferbûn mei Einsteins rûne toer;
sa’t foarmen floeiend rinne,
is foar it each de werklikheid,
mar wittenskip hâldt wol de grip.
* Erich Mendelsohn (1887-1953),
arsjitekt fan de Einsteintoer