januari 3, 2021
fan ûnbekend*
De sike man fan hiel Europa
wie Turkije mei syn sultan
troch al dy iuwen hinne,
moslim wol, mar wrâldsk tiran,
hy liet it deasiik rinne.
It Ottomaanske ryk wie krompen,
buorlju hiene fan him iten
mei fûsten om te winnen,
’t sike mantsje stie te sjen,
koe net oer grinzen rinne.
Mustafa Kemal waard doe lieder
fan Turkije, wrâldske sultan,
gjinien koe om him hinne:
moslim mei ’t moderne plan,
de sike koe wer rinne.
* Ruterbyld ‘Mustafa Kemal’
december 28, 2020
fan ûnbekend*
Se sizze Adam seach it ljocht
it earst, hy mocht de nammen kieze
fan alle dieren yn it paradys;
allinnich hie er gau syn nocht…
wa soe him op syn rjochten wize?
Se sizze Eva kaam dêrnei,
sy hie as frou earst neat te kiezen,
want ien fan Adams ribben wie ’t begjin
fan alle froulju, dus har wei
soe troch de tiid de man wol wize.
Hy stie as haad fier boppe har,
sy moast har ûnder him dellizze,
hie amper wat te sizzen oer har bern
en bûtendoar hie sy gjin kar
en yn de mienskip neat te sizzen.
It waard heech tiid foar elke frou
om har yn ’t libben te bewizen,
lykweardich yn de mienskip oan de man,
úteinlik ek yn ’t steatsgebou,
sy mocht de Twadde Keamer kieze.
Foto ‘Demonstraasje foar frouwekiesrjocht’