februari 21, 2021
fan ûnbekend*
In ryk fermidden brocht him nei
de earmoed fan ’t gewoane folk,
it wie foar Lenin dit kontrast
dat fierde nei de revolúsje,
’t kommunisme waard de nije wei.
Marx brocht him mei ‘Das Kapital’
op wei nei ’t proletariaat,
dat libbe sûnder ideaal
en hie yn nimmen mear fidúsje…
Lenin lykwols spriek in nije taal.
Gjin oergong fia ’t boargerrjocht,
dat wie foar ’t folk gjin gongber paad,
’t moast daliks trochgean, yn ien haal
de brede wei fan revolúsje
op, de tsaar waard bûten ’t sintrum brocht.
De opgong makke hy noch mei,
it stribjen om ’t gewoane folk
te heljen út ’e lege kast
om nei de folle te ferhúzjen…
nei de tredde klap wie Lenin wei.
* Foto ‘Vladimir Lenin’
februari 7, 2021
fan ûnbekend*
As dûmnyssoan wie hy bekend
mei libje tusken goed en kwea,
’t ferskil fan blank en swart,
fan wrâldoarloch nei frede…
wat bestean bliuwt, wit men nea.
Hy wie oan wittenskippen wend,
dochs gie er yn de polityk,
om’t dêr it measte bart,
foarop moat stean de rede,
mar ’t bestean is ûngelyk.
De skieding tusken blank en swart
liet hy bestean op grûn fan wat
syn wittenskip him sei,
mar wie dat nei de rede,
dy’t neat ha moast fan it lot?
Hy hie neat mei it kriichsgeweld,
mar wat wie goed en wat wie wiis?
It wie him yn de wei
dy oarloch… foar de frede,
fan Nobel kriich hy de priis.
* Foto ‘Thomas Woodrow Wilson,
presidint fan de Feriene Steaten’