april 18, 2021
fan ûnbekend*
De adel moast de lieding ha
yn ’t leger, sa hie ’t altyd west,
mei oan it haad de keizer,
’t moast sa bliuwe yn de naasje,
adel oan de macht foldie it bêst:
mei it ferline op ’e takomst ta.
As âldste soan fan offisier
Von Hindenburg koe hy net oars
as yn it leger fan de
keizer, stridend foar de naasje;
foar de macht hie hy in skerpe noas,
hy woe oer grinzen hinne… withoefier.
It folk keas him as presidint,
in demokratysk rjocht yn ’t lân
dat earder oarloch fierde;
oan de wet moast hy him hâlde,
dat de macht lei net mear yn ien hân…
en holle… oan de ein waard hy demint.
It gie net oer fan heit op soan,
lykas de adel iuwen wend
wie, want it folk mocht kieze
neffens demokratysk foarskrift;
hoewol’t Hitler rekke gau bekend,
seach Hindenburg him as syn keizer oan.
* Foto ‘Paul von Hindenburg’
april 11, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hoe kinne maten troch it ideaal
fan wurkers ha as earste rjocht
om yn ’t bestean foarop te gean,
hoe kinne dy elkoar nei ’t libben stean?
Nim Stalin dy’t maat Trotski syn ferhaal
net hearre woe, yn strieljend ljocht
seach hy him boppe alles stean,
de eigen ideology as kearn.
Syn ideology spriek kleare taal:
ferbalje maten, want it mocht
net dat ien him nei ’t libben stie,
in kwestje fan rûnom is heechferrie.
Nim Trotsky mei syn ideology
dy’t fierder rikte as de grins
fan Ruslân: ynternasjonaal
ha hurde wurkers ‘tselde ideaal.
Mar Stalin tsjutte soks as heechferrie,
wa’t ôfwiek, wie gjin suver mins,
brocht hurde wurkers fan de wiis…
de deaklap mei de bile foar it iis.
* Foto ‘Joseph Stalin’
** Foto ‘Leon Trotski’