mei 30, 2021
fan ûnbekend*
fan Constantin Brancusi**
De swierte fan syn jongesjierren
droech er hiel syn libben mei;
as swalker fan syn alfde ôf
kriich hout en stien him yn de ban,
de fûgel wie in iepenbiering.
Hy seach de fûgel yn de romte
tusken grûn en himel yn,
fan swierte nei in slanke foarm,
hy makke dêr in keunstwurk fan,
woe sa oer grinzen hinne komme.
Soks koe net neffens de dûane:
ynfier fan in stik metaal,
dus sloech it apparaat alarm;
justysje makke dêr wer fan
in keunstwurk út Brancusi’s hannen.
De keunstner stribbe nei de ienfâld:
ideale foarme-taal
nei Plato’s himelhege noarm.
* Foto ‘Constantin Brancusi’
** Byld ‘Fûgel yn de romte’
mei 23, 2021
fan ûnbekend*
Ibn Saud, trijedûbel winner,
telde him úteinlik ryk
mei twaentweintich frouwen
én Arabië, it ierdske slyk
begûn foargoed te streamen.
Hy stamme út it hûs fan Saud,
waard de lieder fan dy stam,
kriich fan syn folk ’t fertrouwen,
stiek Arabië yn fjoer en flam
en koe him kening neame.
Hy stribbe nei in suver leauwe,
makke ’t paad nei Mekka frij
foar pylgers om te skôgjen
de Kaäba foar har heechst gewin
om fierder oer te dreamen.
Ibn Saud joech it lân syn namme,
skonk it fiifenfjirtich bern,
dit wiene dan de soannen,
fan de dochters wie er net in fan:
‘Ik sil gjinien beneame.’
Foto ‘Ibn Saud’