juni 27, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Gjin better stof as wetter,
stof dat oeral hinne floeit,
sels troch de nauste naden,
mar dat is der fier by troch
wannear’t de tiid de swimster boeit.
Gjinien koe as Mercedes
Gleitze swimme, oer ’t Kanaal
swom sy har út ’e naden
mei in Rolex om de pols,
dy’t tikjend trochrûn, haal nei haal.
In dûbele oerwinning,
swimmend en ek wetterticht,
in klokje sûnder naden
reizge mei Mercedes troch
de tiid… in autentyk gesicht.
* Yllustraasje ‘Mercedes Gleitze mei Rolex’
* Yllustraasje ‘Wettertichte Rolex’
juni 20, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Mobile, bouwer fan it loftskip,
dat Amundsen fan him kocht,
hie hege aspiraasjes:
mei de Norge oer de poal,
wat fan de Noar wol mocht.
Spitsbergen tsjinne as it startplak,
dêrwei gie it nei de poal,
dêr’t flaggen trije naasjes;
wa hat doe de Noardpoal kocht
of gie it om ’t idoal?
Itaalje fielde him tekoart dien,
dat Italia waard boud;
mei manlju fan ien naasje
fleach dit loftskip nei de poal,
wat útrûn op in fout…
… fan kapitein Nobile, bouwer
fan it loftskip, gjin idoal
mear fan dy iene naasje,
dy’t it noch net heger brocht
as flagje op ’e poal.
* Foto ‘Umberto Nobile’
** Foto ‘Loftskip Norge’