juli 18, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Fan Kanadees nei ek Sinees,
syn waarme hert wie rom genôch
foar minsken rûnom op ’e wrâld,
fan prehistoarje nei syn tiid,
hy wie in warber mins.
Black seach de wrâld net yn swart-wyt,
giel ljochte ek noch foar him op,
Sinezen lieten him net kâld;
fossilen fûn er yn har grûn…
de minske stjert en slyt.
Twa kiezzen kamen foar it ljocht,
foar ’t ûndersyk wie dat genôch
om fêst te stellen: hiel lang lyn
bestie der al in Peking-mins,
dy’t kôge, mar ek tocht.
It hert fan Black waard al te rom
troch ’t dollen yn Sineeske grûn,
advizen sloech er yn de wyn
en doe’t it briek, waard hy stienkâld,
syn eigen tiid wie om.
* Foto ‘Davidson Black’
** Ut ‘Davidson Black papers’
juli 11, 2021
fan ûnbekend*
fan Le Corbusier**
Le Corbusier, syn nije namme,
kaam út syn ferline wei,
op grûn fan dy fan beppe
boude hy foar it takomstich skaai.
Fan Switserlân nei oare lannen,
oeral fûn er wat hy socht:
de keunst om op te skeppen,
wat him yn Parys, de ljochtstêd, brocht.
Hy hat de wite wenning skôge
oan de Middellânske See,
noch yn de styl fan beppe,
wat er waarnaam, sette by him stee.
It kaam wer los op skilderdoeken:
foarmen altyd like krekt,
hy koe ferskillend skeppe,
waard it meast ferneamd as arsjitekt.
Le Corbusier, syn nije namme,
bleau net altyd like skjin,
wat lei net oan syn beppe:
’t nije wie net nei it âlde sin.
* Foto ‘Le Corbusier’
** Fila ‘Notre Dame du Haut’