januari 23, 2022
fan ûnbekend*
Pryster, astronoom en kosmolooch,
natuer- en ek wiskundige,
Lemaître seach it oeral sitten;
as hielal- en godgelearde
koe hy fan ’t plurifoarme witte.
Pryster… dus stie God oan ’t oerbegjin,
dêr wie hy godgelearde foar,
God skoep de himel en de ierde
mei wat dêrop ivich libbe,
dat hie de Ivige te bieden.
Mar as astronoom en kosmolooch
seach hy fierop yn it hielal
oars net as withoefolle stjerren,
dy’t in oerbegjin hân hiene,
de oerknal skoep se allegearre.
Pryster, astronoom en kosmolooch,
natuer- en ek wiskundige,
Lemaître hat fan alles witten
as hielal- en godgelearde,
de paus liet him yn tsjerke sitte.
* Foto ‘Georges Lemaître’
januari 16, 2022
fan ûnbekend*
fan Diego Rivera**
Rockefeller wie it foarbyld
fan hiel ’t Amerikaanske folk,
dus stie hy yn it sintrum,
moast mear folk om him hinne ha
as inkeld út Amearika.
Diego mocht de minsken bringe
út alle parten fan de wrâld
nei ’t sintrum op ’e muorre,
in kleurich selskip fan komsa
ta eare fan Amearika.
Lenin lykwols wie gjin foarbyld,
in mislediging foar ’t folk
yn ’t sintrum fan de ierde,
dus gie it op fernieling ta
yn opdracht fan Amearika.
* Foto ‘Diego Rivera’
** Muorreskildering op Rockefeller Centre’