Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Beammen foar banen

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Gjin baan fanwege de depresje
brocht de leechte yn ’t bestean,
sadat de twivel boppekaam:
hoe moat it fierder gean?

Sa foel it folk yn in depresje,
want de hannen rekken leech,
sadat de geast net boppekaam
om moed te jaan, ’t waard dreech.

It jongfolk** koe net binnen bliuwe
op ’e rop fan de natoer,
dy’t geast en hannen nedich hie,
de twivel rekke oer.

Miljarden beammen waarden plante,
sadat Amearika waard grien,
in wiere died foar it miljeu
wie út it neat ûntstien.

Wurdt wurk troch de depresje rekke,
lit de geast syn wurk dan dwaan,
it kin net sûnder de natoer
mei ’t each op wer in baan.

* Foto ‘Hân en beam’

** Civilian Conservation Corps




admin

Gestapo

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It moast earst barre yn ’t geheim
troch de plysje fan de steat,
dy’t neat ha moast fan folk
dat him fan eigen ûnderskiede,
grien wie goed, mar read ferkeard.

Gestapo lei yn it gehoar,
mar ‘Geheime Polizei’
en dan noch fan de steat
moast earst wol ta betizing liede:
neare nacht en ljochtskyndei.

De dei wie foar it eigen folk,
arysk, dus mei suver bloed,
de neare nacht kaam troch
de oaren, want dy koene oars net
biede as in lêste groet.

Geheim bleau de Gestapo net:
Joaden, homo’s, Roma ha
oan ’t lichem ûnderfûn
wat Hiters plysjefolk te bieden
hie, it rûn nei bloedread ta.

* Foto ‘Gestapo’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum