maart 13, 2022
fan ûnbekend*
It paad werom nei oarlochsjierren
yn Europa, djip yn it ûnthâld:
de Dútske macht tsjin west en east,
in lange striid yn mannichfâld.
Sebastopol, wol fier fan hjirre,
Leningrad en Minsk, ek Stalingrad,
ha witten fan de oarlochsgeast
dy’t fjurre ta in helske haat.
’t Rûn út op it massale stjerren
fan soldaten, boargers, mar ek bern,
miljoenen joegen doe de geast,
gjinien koe it foarôf oersjen.
Mar omsjen is no ek mislearre,
want de Russen ha hjirfan net leard
dat men ferliest mei oarloch ’t meast
jinsels, sadat de kâns moarn keart.
Lit ús de psychopaat hjoed keare,
dan sels rinne op in suver paad
dat útkomt by de fredesgeast…
’t ûnthâld bringt de tiran yn kaart.
* Foto ‘Slachfjild’
maart 6, 2022
fan ûnbekend*
Charkov, stichte troch Kozakken,
ûnôfhinklik, grutsk en net benaud,
sa krigen sy in sterke festing,
letter stêd fan ’t Oekraynske folk,
mei kennis en kultuer fertroud.
Charkov, ek fertroud mei ’t striden
tsjin de nazi’s, Hitlers folk dat wreed
de boargers fan de stêd fermoarde,
twa jier lang dreau dêr in swarte wolk…
tirannen witte fan gjin leed.
Charkov foar de twadde kear yn ’t lijen,
troch de Russen bluodderich yn ’t nau,
sy namen mei geweld de festing,
wiene sa fan Kremlins satan tolk…
oan syn komôf bleau Charkov trou.
* Foto ‘Bombardemint op Charkov’