november 14, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
It rûzet oeral om ús hinne:
stimmen, elk mei in ferhaal,
weagen fan de radio,
de rûs fan tongerbuien,
ek fan fierder as de sinne.
Karl Jansky liet as earste witte
dat de molkwei stimde mei
yn it rûzjen fan de wrâld,
konstant wie dy oan ’t struien,
sa koe Karl dy lûden mjitte.
Mar lieten stimmen har ek hearre
mei út ’e kosmos in ferhaal?
Rûzje soe it oer de wrâld:
‘It sil frjemd hinne bruie
tusken dy miljarden stjerren.’
* Foto ‘Karl Guthe Jansky’
** Foto ‘Universum’
november 7, 2021
fan ûnbekend*
Yn de krisisjierren tritich
wiene der al twa miljard,
tefolle fûnen wittenskippers,
dus beheine wie de kar.
Net om ’t libben te ûntnimmen
oan earst mar de âlderein,
want soks gie yn tsjin hege wearden,
net begjinne oan de ein.
Wol begjinne by konsepsje,
as der noch gjin libben is,
dus strûp in jaske om de penis,
mei de pil is men ek wis.
‘Casti Connubii’ wie ’t skriuwen
fan de paus: foar it konsept
fan berntsjes, wês dêrom net anty,
nee, de tsjerke hat net slept.
Lit de foetus net foar ivich
sliepe, want hy libbet yn
de mem, wurdt wekker by de berte…
inkeld telle makket blyn.
* Omslach ‘Casti Connubii’