januari 16, 2022
fan ûnbekend*
fan Diego Rivera**
Rockefeller wie it foarbyld
fan hiel ’t Amerikaanske folk,
dus stie hy yn it sintrum,
moast mear folk om him hinne ha
as inkeld út Amearika.
Diego mocht de minsken bringe
út alle parten fan de wrâld
nei ’t sintrum op ’e muorre,
in kleurich selskip fan komsa
ta eare fan Amearika.
Lenin lykwols wie gjin foarbyld,
in mislediging foar ’t folk
yn ’t sintrum fan de ierde,
dus gie it op fernieling ta
yn opdracht fan Amearika.
* Foto ‘Diego Rivera’
** Muorreskildering op Rockefeller Centre’
januari 9, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Marinus van der Lubbe
hie problemen mei it sjen,
mar skôge as in wiere kommunist
it ûnheil dat de nazi’s brochten,
úteinlik hat er it ferlern.
Marinus van der Lubbe
liet him yn de Ryksdei sjen,
mar oft hy doe al fan it ûnheil wist,
de brân, dêr’t sy him fan fertochten?
Fan Hitlers clan wie hy gjin fan.
Marinus van der Lubbe
koe ’t proses net goed oersjen,
apatysk harke hy en wist: dit is ’t,
de útspraak wie wat sy al tochten,
syn libben wie doe al ferlern.
Marinus van der Lubbe
waard ûnthalze, mear as fan
fan ’t kommunisme as om wat er wist
fan wêr’t se him falsk fan fertochten,
úteinlik hat er it ferlern.
* Foto ‘Marinus van der Lubbe’
** Foto ‘Brân Ryksdei’