juni 5, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Percy hie ’t mei skoalle hân,
seach nei de kat, nachts ûnderweis
om syn gerak te krijen,
deis joech hy him rêstich del,
dy beide libben mei ferstân.
Percy wie nachts ek op wei,
mar katte-eagen hie er net,
wol seach er dy ynienen
op in stek yn ’t lampeljocht,
hy tocht oer dy refleksje nei.
Hy betocht in katte-each
dat hold de auto’s op ’e dyk
troch ’t ljocht te reflektearjen;
Percy koe syn slach doe slaan,
om’t yn dat each it folk wat seach.
* Foto ‘Percy Shaw’
** Foto ‘Katte-each’
mei 29, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Fiif tagelyk, safolle hie
de wrâld net earder sjoen,
fiif berntsjes dy’t yn libben bleauwen,
fruchtber wie de Kanadeeske grûn.
Fiif famkes út itselde aai,
bewuolle yn katoen,
it wie in wûnder, net te leauwen,
rispinge op katolike grûn.
De wrâld woe graach de fiifling sjen,
wat heit wie nei it sin,
de rispinge soe jild opbringe,
wat net striek op Kanadeeske grûn.
De steat naam doe de fiifling oer
en frege net te min,
wat moast wol mei prinsipes wringe,
fruchten fan de Kanadeeske grûn.
Fiif famkes wiene fan… fan wa…
de âlders, steat of wrâld?
Se waarden folút presintearre
as fiif fruchten fan de kâlde grûn.
* Foto ‘Dionne-fiifling as lytse poppen’
** Foto ‘Dionne-fiifling as famkes’