mei 1, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
De myte giet de skiednis troch:
Creon en Antigone,
de kening mei syn strange wet
en Antigone dêr tsjinyn,
fan dy frijheid is no noch ferlet.
De Frânske skiednis lit it sjen:
’t Vichy-regear mei Hitler
as teken fan de strange wet
en Antigone dêr tsjinyn,
sa hat frijheid it úteinlik ret.
De myte libbet no ek noch:
de Rus en Oekraïne,
de wet dy’t opropt ta geweld,
de frijheid giet dêr rjocht tsjinyn,
wat de skiednis mannich kear fertelt.
* Yllustraasje ‘Creon’
** Yllustraasje ‘Antigone’
april 24, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Sergei Kirov, haad fan de partij
yn ’t kâlde Leningrad,
wie in trouwe kommunist;
yn opdracht fan de stielen Stalin,
sûnder dat er dêrfan wist,
waard hy de dea ynjage.
Jozef Stalin die as wie er poer:
sa’n trouwe kommunist
wie ûnmisber foar de steat,
dus rouden alle kommunisten
djip, sy wisten noch fan neat
en hiene ek gjin fragen.
Suver wie de slimme opset net,
’t gie om troch suvering
fan miljoenen sûnder skuld
de hiele hearskippij te krijen;
troch te moardzjen mei geduld
is Stalin dêryn slagge.
* Foto ‘Sergei Kirov’
** Foto ‘Jozef Stalin’