oktober 23, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Nasjonalist of kommunist,
it gie yn Sina om de macht,
Tjiang of Mao, wa soe winne…
gie it om it heitelân
of… sjoch my as egoïst?
Lit Tjiang mar foar de naasje gean,
want dan komt Sina ta syn rjocht,
foar Mao is in wrâld te winnen
bûten ’t eigen heitelân,
elkenien deselde klean.
De lange mars fan Mao dreau
syn fijân oer it wetter nei
Taiwan, it eilân as it twadde
Sina, ’t eigen heitelân…
der is sprake fan in kleau.
Nasjonalist en kommunist,
it giet yn Sina om de macht,
Xi Jinping ferneart gjin twadde,
’t giet om hiel it heitelân…
kommunistysk egoïst.
* Foto ‘Mao Zedong’
** Foto ‘Xi Jinping’
oktober 16, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Mussolini
seach de macht wol sitten,
ek fier bûten ’t eigen lân,
sadat er mei syn wapens
hiel Abessinië syn wet oplei…
de keizer hat it witten.
Haile Selassie,
keizer dy’t wol witte
woe dat hy de macht ferlear,
sadat er op ’e flecht gong;
in keizer dy’t syn heitelân opsei,
koe dy it sitte litte?
Mussolini
koe it maklik winne,
rôp himsels ta keizer út
oer Etiopië, sa’t
de namme waard, wat alles oer him sei,
hy koe him net fersinne.
Haile Selassie
woe it net ferlieze,
naam it tsjin de keizer op
mei help, wat alles oer de keizer sei,
syn stjer soe wer ferrize.
* Tekening ‘Mussolini’
* Foto ‘Haile Selassie’