Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Bonny en Clyde

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Sy waarden beide wrâldferneamd,
mar net omdat hy har op ien hân droech,
wol om de finger oan de trekker,
skot nei skot foar har gewin,
sy ha fan kapitalen dreamd.

De krisis makke ’t útsichtleas
foar beide om te gean foar in bestean
dat mear joech as ienfâldich iten,
harren wie dat fierste min:
‘Wy ha in fin mear as in bears!’

In winkelman kriich earst in klap…
fan Clyde, de flinke dame stie har man,
sy woe har Bonny ymponearje:
‘Sjoch wat ik as frou ek kin,
myn stellen is gjin flauwe grap.’

Nei trettjin moarden, kapitaal
dat telde, kriich de plysje har yn byld,
der klonken mear as tûzen skotten;
rykdom hie foar ’t pear gjin sin
mear nei de ein fan har ferhaal.

* Foto ‘Bonny en Clyde’
** Foto ‘De auto fan it pear nei de besjitting’

admin

Hongerwinter en -simmer

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Wat is gewoaner as in miel
dat elke dei op tafel stiet
en soarget foar in folle mage,
jout oan ’t lichem enerzjy,
sa komt men troch de dagen.

In oarloch is útsûnderlik;
behalve dat geweld it wint
fan rêstich deljaan troch de dagen
hinne, spilet honger ek
faak op, rop fan de mage.

De honger hold dy winter oan,
besetting liet gjin bôle troch,
sadat de dea troch Hollân ware;
mei de kjeld sleat dy in deal,
men rûn sa twa gefaren.

De honger wreidet him hjoed út
troch oarloch yn it lân fan nôt,
dat net berikt de hjitte lannen,
dêr’t ferskroeit wat siedde wurdt,
de dea past oan syn plannen.

* Foto ‘Hongerwinter 1944/1945’
** Foto ‘Honger troch drûchte’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum