augustus 7, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hy hie genôch sicht op gebouwen,
dêrfoar wie er dan ek arsjitekt,
sa brocht er minsken ûnderdak
yn romten om har thús te fielen…
brocht er lykwols pinguins ek teplak?
Lubetkin hie net nei de poal west
om te fielen hoe’t de tastân wie
fan pinguins op it glêde iis
en hoe’t sy yn it wetter glieden,
mar de skeante makke him wol wiis.
Hy kriich genôch sicht om te bouwen
oan in glydsbaan mei de iene nei
de oare bocht, in kronkelpaad
nei ’t wiet om dwilich fan te wurden…
waggeljende pinguins nei har aard.
Sa liet Lubetkin pinguins rinne,
glide, swimme, dûke lykas op
de súdpoal yn har biotoop;
sy fielden harren thús yn Londen,
dêrom wie der gjin gefoel fan hoop.
* Foto ‘Berthold Romanovich Lubetkin’
** Foto ‘Swimbad foar pinguins yn Londen’
juli 31, 2022
fan Käthe Kollwitz*
Wat sjocht sy foar har as de mem
fan Peter, omkaam op it slachfjild,
noch mar santjin jier,
sa’n iere dea is net te leauwen,
mar dy is no ienkear stjerrend wier.
Net ien kear hat sa’n barren west,
it is al lang net mear te tellen,
noard, west, east en súd,
gjin wynstreek is dêroan ûntkommen,
jong ferstoarnen fleane net mear út.
Hy bliuwt noch trije dagen thús
om swijend oan mem te fertellen
dat er fan har hâldt,
sy hâldt him fêst, har eigen waarmte
bringt sy oer op him, want hy is kâld.
Syn kjeld fielt sy har libben lang,
kringt by har troch yn hiel de lea en
hout sy út yn stien,
it is dan makliker te leauwen
dat hy wie doe folle mear as ien.
* Käthe Kollwitz (1867-1945)
Tekening ‘Selsportret’
Tekening ‘Mem en dea bern’