september 18, 2022
fan ûnbekend*
Hjir stiet er foar syn apparaat,
dat gjin striel ferstjoert dy’t deadlik is,
sa’t Dútsers bearden oer har tastel;
dit apparaat heint weagen op,
dat posysjes komme op ’e kaart.
De bliksem hearrend by in stoarm
stjoert sinjalen út as weach nei weach,
dy’t Watson heinde mei syn tastel;
sa kaam dy stoarm net ûnferwachts,
want it apparaat sloech grut alarm.
De Dútsers kamen troch de loft,
wisten fan gjin deadlik apparaat
dat weagen heinde fan har tastel;
foar’t bommen foelen op ’e stêd,
skeat de loftôfwar op hiel dy kloft.
* Foto ‘Robert Watson-Watt
en de triomf fan de radar’
september 11, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Sy waard op hannen droegen,
keninginne Astrid, de prinses
út Sweden wei,
dy’t sels it folk ek droech
mei aksjes foar de earmen…
oan twa kanten snie it mes.
Spontaan foel Astrid yn de
earms fan Leopold, hy wie de prins
dy’t kening waard
fan België, hy droech
syn leafste ek op hannen…
folop libje wie syn winsk.
Tegearre op fakânsje
krigen sy in ûngelok,
foar har fataal,
wat by de Belgen sloech
yn ’t hert, foaral by earmen…
’t hert dat stilstie, brocht gjin lok.
Sy waard op hannen droegen,
keninginne Astrid, de prinses
út Sweden wei…
doe hold gjin Belch it drûch.
* Foto ‘Keninginne Astrid’
** Foto ‘Keninginne Astrid opbiere’