februari 5, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Gefoelens koe hy net ferbergje,
kamen der keunstsinnich út
op withoefolle mêden,
ek as leafde foar ’t geslacht
dêr’t hy in ûnderdiel fan wie,
úteinlik fielde hy de macht.
Hy dichte, skreau en musisearre,
brocht op doek de wrâld yn byld,
koe sjonge en aktearje,
mar syn leafde kriich gjin acht
fan wa’t er op mear mêden hold,
úteinlik fielde hy de macht…
… fan wa’t yn Spanje rûch regearre,
mei geweld it folk ferdield
hat; ’t dichtsjen waard ferfongen
troch it moardzjen dei en nacht
oant Frederico troffen waard…
’t gefoel waard sa de proai fan jacht.
* Foto ‘Frederico Garcia Lorca’
** Foto ‘Frederico Garcia Lorca’
januari 29, 2023
fan ûnbekend*
Wat driuwt in minske nei de fierte,
fan it iene nei it oare plak,
sels djip yn de woestyn?
It is de driuw nei it ekstreme…
sels by massamoardners ûnderdak.
Sven Hedin woe de wrâld ûntdekke,
sels noch doe’t er tachtich wurden wie,
gie hy troch de woestyn
werom mei al syn ûnderfinings,
dêrby hearde syn ekstreme rie.
Hy seach de wrâld troch Hitlers eagen
en himsels as ien fan suver bloed,
wat hold it heechste yn,
dus kriich er mannich ûnderskieding,
syn ûntdekking die de Nazi’s goed.
* Foto ‘Sven Hedin’