februari 19, 2023
fan ûnbekend*
Fan Grikelân gie ’t nei Berlyn,
it fjoer dat brânde foar de sport,
sa hie de goadewrâld it wollen:
it lichem folget trou de geast
of wikselje dy beide rollen?
De sporters spanne har wol yn
en tinke net oan polityk,
oan wat de pommeranten tinke
oer macht yn nasjonale geast,
sy krije winners op har winken.
In swarte sporter past net yn
it spul fan ariërs it heechst,
dus hat er fjouwer kear prestearre,
wat yn de geast fan ienheid wie,
troch Hitler waard dat net wurdearre.
Fan Grikelân gie ’t nei Berlyn,
wat paste yn de goadewrâld
fan Hitler mei al syn konsorten,
wat yn de geast fan skieding wie,
trochkringend yn de heechste sporten.
* Foto ‘Adolf Hitler by de
Olympyske spullen fan 1936’
februari 12, 2023
fan ûnbekend*
fan Pablo Picasso**
Hoe woe de Dútske macht it ha
dy’t troch de loft mei faasje fleach
as oefening foar ’t kriichsgeweld
dat grif mei hasten komme soe,
mar earst nei Guernica!
Want Franco gie op ’t heechste ta:
ultime macht oer hiel it lân,
sadat gjin minskelibben telt,
mar inkeld wat mei faasje fljocht
op wei nei Guernica.
De bommen woene romte ha
foar Franco’s stribjen nei de macht
al waard in stêd dan ek ta hel,
wat fuortkaam út in oefening
op ’t proefplak Guernica.
Picasso woe op ’t djipste ta
mei ’t byld dat foar ’t ûntfanklik each
it lijen opropt fan wa’t telt:
de minske swalkjend sûnder skuld
troch ’t platte Guernica.
* Foto ‘Bombardearre Guernica’
** Pablo Picasso (1881-1973)
Skilderij ‘Guernica’