Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Kristalnacht

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Kin nachts kristal wol skitterje
lykas foar sier by ljochtskyndei?
It nazifolk, troch haat waansinnich,
seach it skitterjen by ’t joadske folk
en sloech it út ’e sponnings wei.

It wie de nacht fan brutsen glês,
dat deis sicht jûn hie op ’t bestean
fan Joaden, op ’e wrâld allinnich,
fan it lijen wiene sy de tolk,
foar oaren it fertsjinne lean.

Dat lean waard heger yn de nacht
fan haat dy’t troch de finsters briek
fan winkels en fan synagogen,
’t fjoer liet skitterje wat as kristal
op strjitte lei en bluodrich stiek.

Sa hat de iuwen troch it bloed
fan Joaden troch de strjitten rûn,
omdat sy troch har aard net doge
soene, oaren soargen foar har fal,
in skittering oan moardners bûn.

* Foto ‘Moarns nei de Kristalnacht’
** Foto ‘Diskriminaasje fan Joaden’

admin

Freud en Hitler

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Wie Eastenryk him wol bewust
wat ûnbewust yn Hitler spile?
De drift dy’t him nei boppen dreau
om del te sjen op minsken ûnder
him, dat wie syn lust en libben.

Dus wie hy boppe wol bewust
oan ’t stribjen nei it allerheechste,
oer grinzen hinne fan it ryk
dat him it neiste stie om sûnder
striid de ‘Anschluss’ op te lizzen.

Freud sleat him net by Hitler oan,
wie him bewust fan wat der spile
yn ’t ryk fan Hitler, dat hy bleau
net yn de stêd dêr’t hy foar wûnder
spile hie mei ’t ûnbewuste.

* Foto ‘Adolf Hitler’
* Foto ‘Sigmund Freud’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum