juni 4, 2023
fan ûnbekend*
Lewisyt, dat klinkt as wie it wyt
en like suver as wie ’t snie
dêr’t noch gjin inkeld spoar yn sit;
wit dat wat moai klinkt, net sjen lit
wat lewisyt yn ’t easten die.
Sina seach Japan de grins oergean
mei man en macht, mar net yn ’t wyt,
it waard in swarte dei foar ’t lân,
der wie gjin sinne mear te sjen,
it rikke fan it lewisyt.
Striidgas wie it dat de grins oergie
fan wat der noch op trochgean koe
yn oarlochssituaasjes, dus
fersloech de boal it earme bern
mei gas, mar net allinnich doe.
Watfoar namme gas úteinlik krijt
en hoe’t it klinkt, it is net wyt,
it libben wurdt dêrtroch ûntwijd.
* Foto ‘Japan falt Sina binnen’
mei 21, 2023
fan ûnbekend*
Wa wist as fikser fan de coelacant?
Net Hendrik Goosen, trawlerkapitein,
dy’t fiske foar de Afrikaanske kust;
hy fong, as wie ’t in oaljefant,
in meunster fan sawat twa meter.
In wittenskipper hie ’t oer in fossyl,
want nea hie men dy fisk yn libben sjoen,
dus wittenskiplik wie dy fangst in lust,
ferlykber mei ’t bestean fan iel,
dy waarden lykwols gjin twa meter.
De coelacant wie foar de wittenskip
in fisk fan grut belang en ek fan striid:
de Frânsen woene ha, ’t wie harren kust
dêr’t coelacanten swommen djip,
se dûkten nei sânhûndert meter.
Faak dûkt de wittenskip ’t ferline yn
en komt wer boppe mei wat libben is,
fan ’t djippe tsjuster nei heech sinneskyn.
* Foto ‘Coelacant’