Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Boppe terphichte

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

De terp yn Súd-Amearika
hat ieuwen waar en wyn trochstien,
mar is wol erodearre;
de Moches binne heger gien,
se woene op ‘e himel ta.

De sinne droege Moches liem,
miljoenen stiennen foar de bou
foar ’t klimmen nei de stjerren;
de kleuren pronken as in pau
foar goaden op it eigen hiem.

Lit Moches drinke út ‘e krûk
fan god mei ’t eagjend fûgelpear,
dat pronket mei syn fearren;
sa reitsje minsken mear en mear
op hichte neffens gods gebrûk.

Image

* De terp ‘Huaca del Sol’ wie earst glêd
en beskildere yn felle kleuren

It hichtepunt fan de Moche-kultuer
wie fan 0 oant 600 nei Kristus

admin

Chavin de Huantar

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Heech yn de bergen stiet syn byld:
Lanzon, de haadgod fan Chavin,
milennia al lyn;
’t klimaat is op dy hichte bar,
mar hjoeddedei fynt men noch sin
yn Chavin de Huantar.

It plein wie foar ’t gewoane folk
dat opseach by de hege god,
fan bûten net te sjen;
it bûgde djip, der wie gjin kar,
Lanzon gie oer it libbenslot
yn Chavin de Huantar.

De hegerein mocht fierder gean,
yn ’t djipste fan it stiennen hol
dêr’t Lanzon rjochtop stie;
troch djippe yndruk yn de war
betelle elk de heechste tol
yn Chavin de Huantar.

Image
Foto’s út ‘Schatten van de Inca’s’ (Jeffrey Quilter)

* Timpelkompleks yn de bergen fan Peru

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum