oktober 22, 2023
fan ûnbekend*
Kin in symfony de oarloch keare?
De kâns dêrop is mar hiel lyts;
hoewol’t muzyk de herten rekket,
sjit it fjoer de brân dêryn…
wol harkje nei Shostakovitsj:
‘Ik bin hjoed in symfony oan ’t skriuwen
mei op ’e achtergrûn it lûd
fan bommen troch de Dútsers sketten
op ús reade Leningrad…
wol harkje nei wat jout ús moed.’
Lit de symfony heroysk klinke
as metafoar fan Ruslâns rol
dy’t yn de oarloch fjurrich rôle
om te kearen ’t nazi-fjoer…
wol harkje nei it deade-tal.
* Foto ‘Leningrad yn de Twadde Wrâldoarloch’
oktober 8, 2023
fan ûnbekend*
Hoe lang hat sy noch libbe
yn de mûning fan de Theems,
wyld meifierd troch de streaming,
koers hâldend nei de see…
sy hie nei heger stribbe.
Op wjukken nei de hichte
wie har earste wylde winsk,
in fiere flecht, in oare,
as frou ek in primeur…
sy fielde har ferplichte…
… ta earst emansipaasje:
fleane nei Australië
as frou alhiel allinne
en letter yn de striid
foar Ingelân, har naasje.
Op wjukken nei de hichte
foar de winst foar ’t heitelân,
seach Amy Johnson ûnder
har ’t weagjen fan de Theems…
sy crashte yn de lichte.
* Foto ‘Amy Johnson en har fleanmasine’