Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Sûnder soarch

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan Willem Troost II

Lit keunstners ek nei Ynje gean
mei  ’t each op wat eksoatysk is,
gjin byld fan de koloniaal;
de oergong is in skok yn har bestean,
’t gefoel as giet it skodzjend mis,
mar skeppend bouwe se ’t ferhaal.

Image

Doe’t ‘Buitenzorg’ de skok fernaam,
bekend paleis op frjemde grûn,
beweegden muorren hinne wer:
in libben keunstwurk nei de fûlste raam,
de stiennen dûnsen yn it rûn
en spilen foar ’t momint as stjer.

Lit keunstners ek nei steechjes gean
mei ’t each op wat earmoedich is,
gjin byld lykwols fan dat ferhaal,
mar ‘Buitenzorg’ kaam wer yn nije klean,
’t gefoel fan dat bestean wie wis,
de taal fan de koloniaal.

Image

* Skilderij ‘Paleis ‘Buitenzorg’ daliks nei de ierdbeving’

** Willem Troost II (1812-1893)
Skilderij ‘De foarkant fan paleis ‘Buitenzorg’ te Batavia
nei de ierdbeving fan 10 oktober 1834′

admin

Ynje-troep

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Isaäc Israëls*

Image

Dêr rinne se mei fluit en tromme,
de muzikanten foar de troep,
hjoed sil de reis begjinne,
no noch binne se in groep,
hoefolle sille hjir wer komme?

It wie in training fan seis wiken
yn Harderwyk troch hoep en slyk
foar heitelân en Ynje,
no noch binne se gelyk,
mar letter telle se de liken.

Se krigen trijehûndert gûne,
it lean foar wurkers yn in jier,
bestimd foar de bordelen,
no noch is it wat te ier,
mar better no as earst ferwûne.

Sjoch him dêr stean mei tichte eagen,
hy wie in moedich KNIL-soldaat,
mar yn de striid ferwûne,
mist er no ek noch in maat
of trije, wie it mar gjin leagen.

Image

* Isaäc Israëls (1865-1934)
Skilderij ‘Transport fan de kolonialen’
Skilderij ‘Ferwûne KNIL-militêr’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum