Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Weimarrepublyk

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Gjin keizer mear  yn ’t keizerryk,
de oarloch hat him ’t lân útjage,
gaos is oan it regear,
de frede freget om replyk,
der binne minstens tûzen fragen.

De frede freget kapitaal
en grûngebiet, it is oerfrege
foar it lân; it hat net mear
as skuldgefoel, in tryst ferhaal:
de eigen ear wurdt djip ferlege.

Dochs wurdt de grûn foar ’t nije lein:
de grûnwet om út neat te skeppen,
’t ferline nimt in kear,
mar ’t âlde is net djip ferslein,
de gaos sil noch jierren meppe.

En út dy gaos komt it ryk
dat swakken nei de kampen jaget:
Adolf Hitler oan ’t regear.

* Foto ‘Oarlochsynvalide yn Berlyn’

admin

Readen en witen

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Read fan it fergetten bloed,
it folk tsjin adel en de tsaar,
it moarnsread fan it nije.
Wyt fan ‘suver hat it west’,
’t ferline is ek goed foar hjoed,
lit ús dat oan de takomst wije.

Read tsjin wyt, in felle striid
fan generaal tsjin generaal,
dy’t beide ’t lân wol lije
meie; wyt Europa tsjin
de reade rest… in nije tiid?
De Rus lijt ûnder twa partijen.

Fan it fiere east oant west
fertelden readen ’t einferhaal,
se soene ’t bloed net mije;
Lenin skreau de wetten foar
op grûn fan ’t âlde manifest,
Marx mocht syn erfenis wol lije.

* Fotokollaazje ‘Russyske boargeroarloch’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum