augustus 30, 2020
fan ûnbekend*
fan Hermann Rorschach**
As jonge kriich er al in namme
dy’t ferwiisde nei syn test:
‘Hé, Hermann inketflek!’
Rorschach junior fûn ’t bêst,
hat him dêrfoar net skamme.
As psychiater liet er witte
dat de inketflek koe mear
fertelle as de crash:
inket grieme op papier…
hoe soe ’t mei minsken sitte?
De minske moast spontaan fertelle
wat er yn de flek krekt seach;
sa kaam de siele bleat
foar it ljocht, alhiel gjin sier…
wat jildt, streamt út ’e welle.
De fantasy kin streame litte,
mar de siele leit hiel djip
ferburgen yn it kleed
fan ’t foldocht my hjir wol bêst…
hoe kin men dan mear witte?
* Foto ‘Hermann Rorschach (1884-1922)
** Plaat út ’e Rorschach-test
augustus 23, 2020
fan ûnbekend*
It hat sa west en ’t sil wer barre:
nei in oarloch wurdt de grins ferlein,
de winner stelt de wetten op,
wa’t akseptearret, is ferslein.
Napoleon moast fierder farre
as nei Ruslân mei syn legermacht,
sadat de grinzen skoden op,
de winners holden strang de wacht.
De Dútske keizer is bedarre
yn ús lân nei’t hy de macht ferlear,
sadat de grinzen skoden op,
de winners spanden feestjend gear.
Ek Hongarije waard net sparre:
East-Europa kaam oars op ’e kaart
as foar de oarloch, ’t koe net op
mei nije lannen, rap paraat.
De sultans hiene iuwen garre
foar it grutte Ottomaanske ryk,
dat nei de oarloch lytser waard,
Turkije krige ûngelyk.
It hat sa west en ’t sil net barre
by ’t ferlizzen fan de eigen grins,
dan hâldt de strideraasje op,
wurdt elkenien romtinkend mins.
* Kaartsje fan de grinzen
nei de Earste Wrâldoarloch