november 14, 2016
Hoe belibje de kristenen yn it Afrikaanske lân Malawi it evangeelje? Sy ferbine dat mystearje fan libben en dea mei har eigen bestean, riten en symboalen. It gehiel is ferbylde op in skilderij. De details dêrfan binne ferwurde yn gedichten. Mei de woartels yn de ierde |
november 14, 2016
Hoe belibje de kristenen yn it Afrikaanske lân Malawi it evangeelje? Sy ferbine dat mystearje fan libben en dea mei har eigen bestean, riten en symboalen. It gehiel is ferbylde op in skilderij. De details dêrfan binne ferwurde yn gedichten. As it masker net sjen lit wat it wêzen is, dan is it Wêzen as de loft, wolken, de wjerljocht en wyn, ûngrypber, de tiid hâldt gjin skoft, glydt samar de ivichheid yn.Mar as God it wol sjen lit mei de kleurerein, dan is it Wêzen as de mem, wetter op ierde, de grûn wol fruchtber, de tiid fan it bern, beheind fan de moarn oant de jûn. |