Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Grinsferlizzend bloed

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Lit Fryslân meidwaan op ‘e driuw fan wolken
nei de fierte, want tichtby is fierste nei,
lit ús provinsje groeie nei in grutter skaal
en heger fleane yn de feart fan folken,
want dan docht ús folk ek grinsferlizzend mei
oan ’t grutte ideaal: wy gean globaal!

Sjoch nei de wetterhoeke yn ’t súdwesten
dêr’t it Fryske bloed wat flugger fljocht en brûst
en net genôch hat oan in hert yn lytse lea,
dêr’t frije boeren fochten om it bêste
lân fan ierde dêr’t it fan de grutskens rûst,
want leaver slaaf yn ’t grutte as de dea!

It bloed fljocht fierder nei de lege midden
en berikt it plattelân fan Skarsterlân
dêr’t Lytse Bert as ridder fan de lytse skaal
hout yn op Grutte Peter mei syn triedden
rustfrijstiel om hearelân yn grut ferbân,
want hearen fan it fean bestean globaal!

Lit Fryslân meidwaan op ‘e driuw fan wolken,
is it grânzgjend galgepraat fan Stoere Sjoerd,
lit ús provinsje groeie nei in grutter skaal
en heger fleane yn de feart fan folken,
want dat sit de frije Friezen yn it bloed:
de grinzen oer, ús folksliet klinkt tenei globaal!

Image

admin

Wetterskip

Polityk
PDF Print E-mail
Image

It skip dat oer it wetter hoedet,
kiest de mar en see as ’t weagjend wiid,
mar as in stoarmke woedet,
fart it út ‘e tiid.

It baggerskip groef út it djippe,
stoarte dêrnei breedút yllegaal,
it koe der net mei sitte,
’t wie in skjin ferhaal.

It skepte aaien út ‘e nêsten,
om’t it skeppend wurk gie foar de ljip,
dêrnei wie it goed rêsten
op it lizzend skip.

It liet it ôffalwetter rinne,
soerstofearm, mar suver út ‘e Broek.
Wêr moast it sa gau hinne?
Yn ’t fergetten boek!

De rjochters woene net ferjitte
wat it hoedzjend skip bedobbe hie,
se baggeren yn ’t djippe
oant it boppe wie.

De kiezers kinne noch wat heger
bringe Fryslâns wetterskipsmoraal,
it pompeblêd ynteger,
banen kleare taal.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum