Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Fjoerwurk

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Feriene Steaten fan Europa,
grut ferskaat dat ta in ienheid wurdt,
in puber no wat earst wie bern,
it moat op folle sterkte ta,
Europa, lit dyn fjoerwurk sjen!

Ek nasjonaal is foar Europa,
want it Fryske spilet syn partij
yn ’t fjoerwurk Méditerannée,
’t moat kinne by in feest, no sa,
Europa ja, mear regels nee!

Wol ús ek bystean, leaf Rivièra,
want oars sjit it Fryske derby yn
mei ’t knallen fan syn âld karbid
fan Ald op Nij, it kin mar sa,
wa wit en dan is ’t gau: no shit!

Image

Feriene Steaten fan Europa,
dyn demoanen sjitte wy oeral,
rassist, fassist en globalist,
wy wolle neat fan harren ha,
mar wol fan fjoerwurk, want dat is ’t!

admin

Mobyl

Polityk
PDF Print E-mail
Wat is mobiler as de ljip,
ús Frysk ikoan yn dûkelflecht
dy’t maitiids loftshowt as wie’t echt
en binne aaien fûn of út,
dan makket er yn styl in trip.

De finer fynt himsels mobyl
as hy mei pet op ’t lân yn set
en wolris draait om wurd en wet;
stjit hy op ’t broedsje ta beslút,
dan telt er mei as ljippofyl.

Yn ’t suden reitsje se mobyl
as har ikoan is op ‘e trek,
in byld dat knalt har knettergek;
wannear’t de hagel rekket bút,
dan wurde sjitters gastrofyl.

Net ien of neat is sa mobyl
as ’t scoren fan it hege tal,
hiel oars as ‘k ha myn pet hjoed fol,
’t mobyltsje stjoert de aaishow út,
dat ljippo- wurdt ek digifyl.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum