november 20, 2023
It wie middenyn de wike,
op ’e oergong fan de nacht nei moarn
dat in aaklik byld my rekke
ûnder ’t rinnen nei de lange dei:
de takomst dy’t roettsjuster like.
Nei rjochts wiisden alle trije
buorden, de partijen foar my swart
yn har fisy nei de takomst,
wylst it ljochte oan de linker kym,
fan ruot koe dy kant ús befrije.
Kant noch wâl koe ’t jierren roaie,
want de koers wie neo-liberaal:
foar it kapitaal de takomst,
foar de lytse man en frou gjin kym
dy’t ljochte, foar har de foaien.
Mar dochs sil it ienkear ljochtsje,
wize buorden nei de linkerkant,
komt dit byld my ea foar eagen:
ruot feroaret yn in lôgjend fjoer,
de takomst sil ’t ferline rjochtsje.
november 18, 2023
fan ûnbekend*
Hy seach syn earste ljocht
yn Addis Abeba
en heinde ’t ljocht fan Wommels
op, garant foar it bestean,
dat winske men him ta.
Syn winsk bestiet út hoop
op elk in goed bestean
om ta syn rjocht te kommen,
hoop dy’t oergiet yn de died,
wrâldwiid om foar te gean.
Hy draacht syn ideaal
de wrâld yn: nim de lêst
fan rêgen dy’t net drage
kinne, sterke skouders wol,
sa stiet de takomst fêst.
Fan Addis Abeba
oant Wommels en De Haach
slacht Habtamu de brêge
nei de minsken fan ferlet
fan ’t antwurd op har fraach.
* Foto ‘Habtamu de Hoop’