Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Yn opdracht fan in god

Polityk

fan ûnbekend*

Der is in strategy
om elke saak te winnen
op it slachfjild fan de macht
dat optilt fan miljarden
om út te jaan oan skot op skot
yn opdracht fan in god.

Fan strategy nei plan
dat rjochte is op frede
op it fjild fan slaan no acht
op grutske presidinten
dy’t hearskje oer it ierdske lot
yn opdracht fan in god.

Fan plan nei alle bern,
ferstoarn of noch yn libben
dy’t lûd gûle yn de nacht,
ferrinnend sûnder stjerren,
mar stjerrend wier dat ek har lot
lit sjen in wrede god.

* Foto ‘It lot fan in bern’

admin

Yn de oalje

Polityk

fan ûnbekend*

Lit oalje net it wetter kleurje
mei de swartste tinten fan de wrâld,
de ierde kin dy oanslach net mear oan
en sil fersinke yn it swarte gat
dat machtigen oan ’t graven binne.

De macht ferslacht in oaljetanker,
leit mei twang beslach op ’t swarte goud
en stekt dêrmei it earste fjurke oan,
oplôgjend as de oalje oeral streamt,
de harsens net mear tinke kinne.

De macht is dan fol yn de oalje,
dronken fan it hearskjen oer de wrâld
en fan it geilen op de fredespriis,
lit him fersinke yn it swarte gat
dat groeven is foar him allinne.

* Yllustraasje ‘Oalje’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum