maart 5, 2026

Ik rin wer yn it park
en ha de krisis fan de gryp
oerlibbe yn benaude oeren
fan nachts ’t bombardemint:
in flitsend, dreunend hoastjen.
Ik hear it oarlochsark,
it dreunen hat my yn de gryp,
it slachfjild yn it Midden-Easten
jout my gjin stil momint,
de krisis duorret oeren.
Swij, Benjamin en Mark,
dy’t Donald as syn daddy sjocht,
jim bombardearje ’t rjocht op libben
om rjocht te dwaan… hoe kin ’t
dat rjochten net oerlibje?
Ik rin wer yn it park
en gryp nei wat noch bloeie wol
op ierde yn benaude oeren.
februari 1, 2026

fan ûnbekend*
Twa broerkes, Palestynsk fan berte,
alles hiel, it siet derop en -oan,
de hollen foar de takomst klear
en yn de groei de geve earmen,
koene gjin giel blok fersette.
Soldaten, joadsk fan berte, hiene
as de grins de blokken fierder lein
as nei ferdrach besletten wie,
sy skeaten drones oer grinzen hinne
wêr’t noch skeinde beammen stiene.
De heit, troch joadske kûgels rekke,
inkeld yn in rolstoel noch mobyl,
hie prikken nedich foar it fjoer
om ’t skeamel iten te berêden
om fan honger net te frekken.
De broerkes fûnen fjirtich prikken
fan de keale beammen foar de grins,
ien joadske drone kaam sjittend oer,
feroare har yn tweintich prikken…
koene dy it fjoer berikke?
Twa broerkes, Palestynsk fan berte,
siet gjin holle of in earm mear oan,
fuortfage foar de giele grins,
oer sân morele grinzen hinne,
hillige troch joadske wetten.
Yllustraasje ‘Giele grins’