april 27, 2018
fan Giovanni Battista Tiepolo*
Agamemnon, moedich strider
út it laach fan wraak en moard,
syn heit wie troch in neef fermoarde,
de soan waard ek in misse dieder.
Foar’t er waard in moedich strider,
flechte er nei Sparta’s foarst,
dêr’t hy him trijedûbel warde:
as moardner, skoansoan en as lieder.
Hy fermoarde heit en soantsje
foar’t er troude mei de mem,
wat oan it hôf fan Sparta barde,
sa groeide wer in bluodrich plantsje.
Kening waard er fan Mykene,
ekspedysjelieder fan
in grutte float nei Troje,
dêrfoar moast er noch jierren traine.
Artemis liet it net waaie,
dat de float lei wiken stil,
syn dochter soe sy fan him skoaie,
sa’n offer moast men wol bekleie.
Agamemnon hat de Griken
oanfierd en úteinlik wûn,
hy koe it lykwols sels net roaie,
waard deade, lyk ûnder de liken.
* Giovanni Battista Tiepolo (1696-1770)
Detail fan it skilderij ‘De grime fan Achilles’
april 13, 2018
fan Pompeo Batoni*
Aeneas, held ferbûn mei Troje,
hat op ’t lêst de grûn fan Rome sjoen,
dêrtusken lei de tiid fan striid,
hy soe it net foar Troje roaie.
Syn mem wie goadin Aphrodite,
mar sy hat him net de foarming jûn,
troch nimfen kaam er troch de tiid,
hy hat syn heit dat nea ferwiten.
Dy brocht him grut as moedich kriger,
mar Achilles kaam ek op syn paad,
dêr’t hy it net fan winne koe,
syn fijân focht as wie er tiger.
Aeneas kaam werom yn Troje
mei it foargefoel fan list en skaad
fan ’t hynder, dat grif winne soe…
wa koe dat bist de stêd útgoaie?
De held kriich yn in dream it teken
dat er flechtsje moast mei heit en soan,
hy boude skippen foar de feart,
sa naam er fijân Gryk geweken.
Aeneas sylde nei de fierte,
kaam úteinlik yn Itaalje oan,
dêr is syn lot op ierde keard,
hy mocht grutsk tusken goaden sitte.
* Pompeo Batoni (1708-1787)
Skilderij ‘Aeneas flechtet út it brânende Troje’