Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Artemis

Mytebylden

fan ûnbekend*



Artemis,
as jongste op Olympus
doarmest om yn de natoer,
goadinne bist fan wylde bisten,
mar har dea giesto ek oer.

Artemis,
alert bist en ek rimpen
yn dyn hanneling op jacht,
se binne dea foar’t se it witte,
kinne net oer dizze macht.

Artemis,
mei twalingbroer Apollo
hast reus Tityos ferslein,
dy’t fûl bedrige jim mem Leto,
bluodrich kaam er oan syn ein.

Artemis,
do soargest mei dyn wapen
faakris foar in sêfte dea,
sa lietsto oan de takomst witte:
libbensein komt sûnder skea.

* Byld ‘Artemis’

admin

Arria

Mytebylden

fan François-André Vincent*

Sy wie de frou fan Paetus, generaal
yn tsjinst fan keizer Claudius,
dy’t oprôp fûl ferset…
it waard op ’t lêst in tryst ferhaal.

De generaal naam ’t tsjin de keizer op,
in opstân tsjin ’t gesach en dus
ferbean troch wil en wet…
it rûn op ’t lêst út op in strop.

Want Paetus moast fertelle oan syn folk
’t befel fan keizer Claudius:
de dea komt nea te let,
wurdt nûge mei dyn eigen dolk.

Doe kaam de frou fan Paetus, Arria,
en stiek harsels, foar him model:
‘Sjoch my, it docht net sear!’
Hy naam de dolk en sloech fûl ta.

* François-André Vincent (1746-1816)
Skilderij ‘Arria en Paetus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum