december 23, 2021
fan ûnbekend*
Poseidon wie de heit fan Triton,
ek de hearsker oer it wide wetter;
mei syn skerpe trijetosk
stiek hy de seelju eangst oan,
fan wa’t er guon de fuotten wosk.
Mar Triton wie in fleurich fintsje,
mei in fiskesturt swom hy de see troch,
spyljend op syn skulp-trompet
om weagen del te bêdzjen,
hy hat sa mannich seeman ret.
It fintsje groeide út ta keardel,
liet ek groeie mear Tritonen,
dy’t Poseidon folgen yn
syn spoar, de iene nei de
oar blaasde lûd, wat joech mear wyn.
De skulp-trompet tsjin blaas-Tritonen,
dat de weagen rekken slim betize,
’t waard op ’t lêst in tizeboel.
* Byld ‘Triton mei fisk’
december 17, 2021
fan ûnbekend*
Hy hie yn Spanje net in namme
dy’t fier boppe ’t folk útstiek,
gie troch foar hiel gewoan,
dochs tsjinne hy twa keizers
fan it âld Romeinske ryk.
As keizer krige hy de namme
fan de bêste: Optimus,
rjochtfeardich en humaan
wie hy foar alle boargers
en soldaten: Maximus.
As fjildhear hat er him net skamme
foar de operaasjes oan
de grinzen fan it ryk,
it gie him om ekspânsje,
yn dy tiid wie dat gewoan.
Hy hat him net oan ’t âlde klamme,
makke nij it lânsbestjoer,
lei nije wegen oan
mei peallen mei syn namme,
tûzen myl stie hy oan ’t roer.
* Byld ‘Keizer Traianus’