Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Harmens ûndergong

Lyrysk Deiboek

It wetter rekke stadich wei,
ferhurde ta in glêde baan,
sleat sleepboat Harmen yn,
wat alles oer de winter sei.

Foar Harmen wie dat net sa slim,
it hiele jier hie hy dêr lein,
hy wie al mei pensjoen,
de nije tiid hie ’t him foarsein.

De winter brocht in spannend spul
fan ridend folk deun by him lâns,
hy seach it oan mei nocht,
hie nea mear oan sa’n winter tocht.

Der wie gjin tinken oan teiwaar
en dat er djipper lei as oars,
hy wie no ienkear swier
fan aard, wa tinkt dan oan gefaar?

Mar doe’t it wetter boppe ’t dek
kaam, om him hinne riisden op
de bûlevaar en kaai,
doe wie ’t te let foar ‘help’ en ‘stop’.

Foar âlde Harmen wie ’t in ramp,
it hurde iis koe hy wol oer,
mar net oer oeral wiet,
sa as it soms in skip fergiet.

admin

Read sinjaal

Lyrysk Deiboek

De strjitte is men gau oan wend
as hâldfêst foar de fuotten,
dy’t dêrtroch yn lykwicht bliuwe,
fluorders meitsje dat bekend.

Op knibbels leit er yn it sicht
fan elkenien op fuotten
nei de winkel, net ferplichte,
mar de fluorder docht syn plicht.

Is ’t winter, dan draacht hy in sjaal
tsjin ’t sigen yn de nekke,
stien nei stien giet troch de hannen,
helder klinkt syn byldferhaal:

‘Tink nei oer wat ik witte lit,
dat jim de nekke brekke
as de fluorder derby sitten
giet, gjin stien mear klinke lit.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum